Lespraktyk
Lesjaan is in grutte passy fan mij. Yn ferbân mei myn oare wurk ha ik no lykwols in lytse lespraktyk. Nêst yndividuele lessen, ha ik in fêst groepke middelbere skoalbern, dy't al aardich op wei binne mei it spyljen, wêrmei wy regelmjittich mei-inoar spylje (fioele-sello). Yn dit groepke is plak foar ien of twa nije learlingen. Bisto al aardich op wei mei it fioelspyljen en hast sin om dyn fioelspyljen in ympuls te jaan troch mei leeftydsgenoaten te spyljen? Nim gerêst kontakt op foar mear ynformaasje!
Mei fioelspyljen kinst dysels uterje en útdage tagelyk. Dat wol ik graach oerbringe op de learlingen. Yn myn lessen learst nêst it muzykmeitsjen op de fioele in soad oer dysels tróch it muzykmeitsjen. Bist in perfektionist? Of ien dy’t gau opjout? Bist technysk handich mar kinst dyn gefoel der net maklik oan ferbine? It komt allegearre oan bod bij it learen fioelspyljen. Dat ik dêr as fioeldosinte in positive bijdrage oan leverje kin, bliuwt bysûnder moai om te dwaan.
Bij de lessen gean ik út fan de learling. De winsken, ambysjes, talinten, beperkingen, neam mar op. Dêr pas ik it lesprogramma op oan. Linkshandigen kinne bij mij linkshandich fioelspyljen leare. Nêst de basis fan yndividuele lessen organisear ik elk jier lessen en optredens wêryn learlingen mei-inoar spylje.
Ik jou les yn myn eigen muzykromte thús yn Mildaam.
werom