Optredens
Muzyk docht, at it goed is, eins altyd wat mei emoasjes en dat is foar mij bij optredens hiel wichtich. Mei moai fioelspyljen kinsto minsken djip reitsje en herten iepenje, ek bij dysels! Dat kin in pear triennen opleverje mar ek faak makket it fleurich of set it it tinken efkes stil. It is my sa stadich oan wol dúdlik wurden dat dat allinnich mar sa wurket atst as musikus der sels dyn gefoel yn doarst te lizzen. Dat is lang net maklik en it slagget ek net altyd. Mar it makket muzykmeitsjen wol hiel bisûnder. En at dan nei ôfrin fan in optreden in soad minsken dy efkes oansprekke om te sizzen dat se it prachtich fûn ha, dan wit ik dat ik it goed dien ha. Ik krij dan ek in hiel soad enerzjy fan it publyk werom. Nei sokke optredens bin ik faaks noch oeren oan it “neistuiterjen” en dan de dei dêrnei lekker rêstich en foldien.
As fioelist treed ik op yn allerhande situaasjes: mei kollega’s of as solist, as lústerprogramma of eftergrûnmuzyk en fan klassyk oant folk. Binne jo op syk nei muzyk foar in bepaalde gelegenheid, nim dan frijbliuwend kontakt mei mij op om de mooglikheden te besprekken.
Ik spile ek mei yn it orkest Nootstroom dat yn 2017 oprjochte is. It stiet ûnder lieding fan dirigent Arnaud Oosterbaan. Yn novimber 2018 spile Nootstroom û.o. in konsert mei Stichting koorprojekt Opus yn it Concertgebouw yn Amsterdam (www.nootstroom.nl) en wie it mei in Operagala ûnderdiel fan de Reopening fan Kulturele Haadstêd LF2018 (https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad).
werom