Persoanlik
Nêst it meitsjen fan muzyk en teater bin ik, sûnt de simmer fan 2025, direkteur fan Opus 3, it sintrum foar de keunsten yn Dokkum.
Fierder is ús gesin in grutte passy. Tegearre mei Arjen ús trije bern begeliede op harren libbenspaad, prachtich! En wat is it moai om mei trije libjende spegels om dy hinne ek dysels wer better kinnen te learen.
Yn myn frije tiid mei ik graach túnkje, klusse en kuierje yn de natoer. Fierder fermeitjse ik my mei bisten, tennisjen en soms bysûndere klean naaie.
werom