Hobby’s
Yn myn frije tiid mei ik graach túnkje en kuierje yn de natoer. Mar ek klusse: meubels, in túnhúske, neam mar op. Wat meitsje mei de hannen, fyn ik prachtich om te dwaan.
Yn de perioade noch sûnder bern en mei fioelblessure, ha ik my talein op it hynderriden. Dat wie der earder nea fan kaam. En doe’t ik de kâns kriich om in Fryske fôle te keapjen en flak bij hûs te hâlden, hoechde ik dêr net lang oer nei te tinken. Myn eigen Fryske hynder: in dream kaam út. Ûndanks dat it lang net altyd maklik wie yn de fase mei swangerskippen en lytse bern, ha ik in soad bysûndere mominten mei myn hynder belibbe. Dochs ha ik nei 13 jier besluten om it hynder te ferkeapjen omdat ik nêst wurk, oplieding en gesin te min tiid en tawijing foar him oerhold. Gelokkich kriich hij in plakje mei folop tawijing en koe ik mij mear talizze op de fioel.
werom