Wurkûnderfining
Myn wurkjende libben begûn yn 1998 as ingenieur bij advysburo Witteveen&Bos yn Deventer. Dêr wurke ik oan wettersuveringsprojekten. Dêrnei ha’k bij de Provinsje Fryslân, ferskate liedingjouwende funksjes hân yn de miljeusektor.
Yn 2007 ha ik myn baan bij de Provinsje opsein en bin ik as selsstannich fioeliste begûn mei lesjaan, optrede, yn orkesten spylje en teater.
Nêst in lespraktyk oan hûs wie ik jierrenlang as fioeldosint ferbûn oan Ateliers Majeur (www.ateliersmajeur.nl) en Ars Musica (www.arsmusica.nu). Fanút Ateliers Majeur jûch ik ek groepslessen op skoallen. Fierder ha ik as dosint ferbûn west oan it Frysk Jeugd Orkest (www.fryskjeugdorkest.nl). Foar it Oranjewoudfestival (www.oranjewoudfestival.nl) ha ik workshops jûn mei fioel, cello en contrabas.
Fanôf 2019 ha ik muzyk wer kombineard mei myn oare fakgebiet en wurke ik as omjouwingsmanager bij Vitens foardat ik de oerstap makke nei Wetterskip Fryslân.
werom